Tolteken: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
No edit summary
Rigel 11: Rigel 11:


[[Kategory:Amearika]]
[[Kategory:Amearika]]
[[Kategory:Folk]]


[[ca:Civilització tolteca]]
[[ca:Civilització tolteca]]

De ferzje fan 23 nov 2008 om 01.16

Stânbylden yn de foarm fan Tolteken-fjochters, yn de stêd Tula

De Tolteken (Nahuatl: Tolteka) wienen in Yndiaansk folk en in beskaving dy't fan de 10e oant en mei de 12e ieu in grut part fan Sintraal-Meksiko behearsken.

It Tolteekske folk is nei alle gedachten ûntstien troch in gearsmelting fan nomadyske Chichimeken út it noarden mei sedentêre Nonoalken út it Dal fan Meksiko. Mooglik wienen sy ien fan de folken dy't de fal fan Teotiuakan feroarsaken. De Tolteken wienen ien fan de ynfloedrykste folken fan pre-Kolumbiaansk Amearika, Tolteekske ynfloeden binne oantroffen fan Nij Meksiko oant Kosta Rika.

De haadstêd fan de Tolteken wie Tollan, dy't neffens de Azteken in bysûnder grutte stêd west moatte ha. Lange jierren hawwe argeologen Teotiuakan beskôge as Tollan . Sûnt de jierren '30 wurdt Tula as de meast wierskynlike lokaasje oanwiisd.

Yn de 12e ieu waard Tollan troch de Tolteken ferlitten. Der wurdt fermoede dat Tollan yn 1168 plondere is troch Chichimeken. De lêste Tolteekske hearsker, Huemak, stoar neffens de kroniken seis jier letter.

De Azteken beskôgen har as opfolgers fan de Tolteken, en sprutsen deselde taal (it Nahuatl). Sy wienen grutst op harren besibbens.