Offenwier: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L Bot - derby: en:Offingawier
Rigel 29: Rigel 29:
[[Kategory:Snits]]
[[Kategory:Snits]]


[[nl: Offingawier]]
[[en:Offingawier]]
[[nl:Offingawier]]

De ferzje fan 14 sep 2008 om 03.02

de himrik fan Offenwier

Offenwier is it lytste doarp yn de gemeente Snits, east fan de stêd. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea en is diel fan De Legeaen. It doarp hat 162 ynwenners (2006). Dochs is it frij grut kwa oerflakte. Dit komt omdat de doarpsgrûn oan de Snitser Mar ta rint. Dêr is ek it Paviljoen Snitser Mar, in wichtich toeristysk sintrum yn de gemeente.

It doarp komt al yn 1328 foar as Offinghewere. De plaknamme soe "opsmiten hichte fan Offe" betsjutte.

It tsjerkje fan Offenwier is in gemeentlik monumint en is it âldste gebou fan de gemeente Snits. De hjoeddeiske muorre is fan 1850, mar binnen dy muorre stiet noch it Niklaastsjerkje fan 1335.

Ferskaat

  • De doarpskrante hjit Wier Nijs.
  • Oan de Houkesleat leit it Snitser Aldtsjerkhôf, wêr't fûneminten en deakisten fûn binne

Befolking

Strjitten

De Potten, Fiifgeawei, Grienedyk, Kolmarslân, Midsbuorren, Paviljoenwei.

Sjoch ek

Keppeling om utens