Westerfeart (Sint-Jabik)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Westerfaart (Sint Jabik))

De Westerfeart (Biltsk en offisjeel: Westerfaart; Nederlânsk: Westervaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint yn de Súdwesterpolder fan de Griene Dyk en bûcht by de Amendyk besuden de buorskip De Westhoek yn eastlike rjochting nei de hoeke Hovensterwei/Westerwei dy't yn de rjochting fan Sint-Jabik fierder rint.

De namme Westerfaart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Westervaart.