Springe nei ynhâld

Webstee

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Websiden/hiemside/thússide)
Webside op it webstee fan De Telegraaf

In webstee, webside, webstek of mei in Ingelsk lienwurd website is in samling dokuminten dy't oer it wrâld-wiid-web ek wol ynternet te berikken is. In webstee begjint mei de thússide, as begjin fan de samling, dy't soarget foar de berikberens. Op dy thússide stiet wat der te finen is op it webstee.

In soad websteeën hawwe in eigen domeinnamme. De ynternasjonale Wikipedia hat bygelyks as domein ‘wikipedia.org’. Meastal wurdt it subdomein ‘www’ brûkt. Der wurdt faak tocht dat dat altyd sa heart, mar dat is net sa. De Fryske Wikepdy hat bygelyks ‘fy’ as subdomein. (fy.wikipedia.org)

"WWW" stiet foar World Wide Web, wrâld-wiid-web. In webtsjinner is faak sa ynsteld, dat as allinne it domein oanfrege wurdt en net in dokumint der dochs in triemke nei jo kompjûter stjoerd wurdt, in saneamd koekje dat ûnder oare de ynstellings fan jo kompjûter foar dat webstee bewarret.

Der binne ferskillende soarten websteeën.:

  • Bloggen: Op dizze websteeën wurde deiboeken byhâlden troch minsken.
  • Community site: Op dit soarte fan websteeën kinne minsken mei elkoar skriuwe.
  • Webportalen: Dit soarte websteeën liede nei ferskate thússiden mei itselde ûnderwerp.