Wapen fan Súdwest-Fryslân
It Wapen fan Súdwest-Fryslân is it gemeentewapen fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
2012-no
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 9 maaie 2012 besleat de Gemeenteried op foarstel fan it Kolleezje fan B&W om it wapen oan te passen nei it ûntwerp fan de Hege Ried fan Adel. Dit ûndanks ferset fan de FNP en de Fryske Rie foar Heraldyk. De Fryske Rie foar Heraldyk woe de âlde gemeentewapens yn harren wearde litte en gie by it ûntwerpen fan in nij wapen út fan in, nei eigen sizzen, rij referinsjekader: it wapen fan it eardere Westergoa, dêr’t alle gemeenten diel fan útmakken en dêr’t de âlde stêden yn leinen, moast it útgongspunt foarmje. Nettsjinsteande dit protest waard it útstel fan de Hege Ried fan Adel troch alle oare fraksjes ûndersteund.
2011-2012
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt it ûntstean fan de gemeente yn 2011 oant en mei 9 maaie 2012 fierde de gemeente in oar wapen. Dit earste wapen bestie út in skyld mei in rutenkrús. Dy ruten stiene symboal foar de fiif gemeenten dy’t op 1 jannewaris 2011 gearraanden ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen wie in ûntwerp fan de Fryske Rie foar Heraldyk.
De Hege Ried fan Adel wie tsjin it brûken fan it rutekrús. It rutekrús kaam yn Fryslân histoarysk sjoen net foar.
Heraldyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fiif muorrekroanen komme út it gemeentewapen fan de eardere gemeente Nijefurd. Dy symbolisearren yn it Nijefurdse wapen de trije âlde stedsjes Starum, Warkum en Hylpen. Yn it nije wapen symbolisearren de fiif muorrekroanen de fiif fusearre gemeenten. Op de linkerhelte fan it wapenskyld stiet in heale Fryske earn.