Wapen fan Harns
It gemeentewapen fan Harns waard fêsteld op 25 maart 1818 en beskreaun as:
Fjouwerendield; it earste en fjirde diel fan keel, beladen mei trije gouden leeljes, setten twa en ien; it twadde en tredde diel fan sulver, beladen mei fjouwer krusen fan keel. It skyld dekt mei in kroan en oan de rjochterside fêsthâlden troch in fleugele frouljusbyld, in draak trochstekkende en yn de rjochterhân de skeal fan gerjochtichheid; alles fan goud.
De kroan hat fiif blêden.
It wapen is ôflaat fan it âldste stedssegel, mei de âldst bekende ôfdruk út 1426. Op dit segel stiet in ingel, steande mei ien foet op in draak. Hja hâldt ynhar hân in skyld mei in krús. Fieders steane der noch fjouwer St. Andryskrusen op itt segel. Ek op in oare segelfan ein 15e iuw stiet in ingel mei skyld, wêrop in krús, mar no wurdt se troch twa blomstâlen (leeljes ?) beselskippe. De leeeljes symbolisearje de Marije-ferearing; de krúske de parochyhillige St. Michael.