Springe nei ynhâld

Wang

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wangen)
In wang.

It wang (Latyn: bucca, mt. buccae) is it fleizige part fan it gesicht dat begrinzge wurdt troch it each, it ear, de noas en de mûlhoeke. De funksje fan it wang is om 'e sydkant fan 'e mûle ôf te sluten, dêr't de kiezzen sitte en it iten kôge wurdt. Troch it wang rinne in protte bloedfetten frij ticht ûnder de hûd, dy't har by minsken by in gefoel fan skamte ferwiidzje, wat ta in readzjen fan 'e wangen liedt dat bekend stiet as "in kaam krije" of "flamje" (Nederlânsk: blozen).

Yn it medysk jargon wurdt nei it wang ferwiisd mei it eigenskipswurd "búkkaal". By minsken rint de búkkale senuw troch dit diel fan it lichem. Oan 'e binnenkant sit tusken it wang en it toskfleis de saneamde búkkale holte, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e mûle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.