Springe nei ynhâld

ANV-Visser Neerlandia-priis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Visser Neerlandiapriis)
ANV-Visser Neerlandia-priis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
útrikt foar toaniel, keunst, kultuer,
klassike muzyk
útrikt troch Algemien-Nederlânsk Bûn
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1958
offisjele webside
www.anv.nl/visser-neerlandia-prijzen

De ANV-Visser Neerlandia-priis (ek wol koartwei de Visser Neerlandia-priis neamd) is in Nederlânske priis dy't op jierlikse basis yn in fiiftal kategoryen útrikt wurdt troch it Algemien-Nederlânsk Bûn (ANV). De winners wurde dêrta troch spesjalisearre sjuerys útornearre binne. Dizze priis waard yn 1958 ynsteld en finansiere troch it Visser Neerlandiafûns, dat foarme is út it beërf fan mr. Herman Visser. Visser wie in Joadske filosoof en jurist dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch sels in ein oan syn libben makke om net troch de nazys nei de konsintraasjekampen stjoerd te wurden. De helte fan syn fermogen liet er dêrby nei oan it ANV.

Kategoryen en winners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Visser Neerlandiapriis wurdt útrikt yn 'e folgjende kategoryen:

Foar dizze prizen komme sawol persoanen as organisaasjes yn oanmerking. Under de winners út it ferline wiene bygelyks: Abel Herzberg, Harry Mulisch, Hella Haasse, Theun de Vries en Haye van der Heyden foar drama; taalkundige Nicoline van der Sijs, de Iepenbiere Bibleteek Kurasau en de Toanielakademy Maastricht foar kultuer; Rudolf Escher en Luc Rombouts foar muzyk; de Lanlike Feriening ta Behâld fan de Waadsee en Amnesty International foar wolwêzen; en Jules de Corte, Liesbeth List en Robert Long foar persoanlike fertsjinste.

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: