Fuotbalferiening Aldeboarn
Appearance
(Trochferwiisd fan VV Aldeboarn)
Fuotbalferiening Aldeboarn is de fuotbalferiening fan Aldeboarn en oprjochte op 15 april 1923. Foarsitter wie doe D.Zwagerman, sekretaris K.Visser, ponghâlder J.Veltman mei H.S.Wieringa as kommisjelid. De feriening sit oan strjitte De Súdkant.
- Tenu: swart shirt, in swart broekje en swart-wyt streke sokken.
Sûnt 1987 wurdt it Douwe Venema toernoai spile foar sealfuotballers. Boppedat wurdt der alle jierren spile om de Anne Nijdam- en de PP van der Feerbokaal.
Fuotbalferiening Aldeboarn hat yn 2008 as teams:
2 F-pupillen
2 E-pupillen
1 C-junioaren
1 B-junioaren
4 senioareteams.