Universiteit fan Malmö

Ut Wikipedy
Universiteit fan Malmö
It logo
It logo
Namme
Ynternasjonale namme Malmö University
Biedwurd Där mångfald gör skillnad
('Dêr't ferskaat it ferskil makket')
Lokaasje
Lân Sweden
Plak Malmö
Oare bysûnderheden
Type Publike universiteit
Oprjochting 1 july 1998
Rektor Kerstin Tham
Tal studinten 24.000 (2012)
Tal meiwurkers 1.602; 78 heechleraren (2012)
Netwurken SUHF
Offisjele webside
www.malmouniversity.se
Universitetsholmen

De Universiteit Malmö (Sweedsk Malmö universitet) is in publike hegeskoalle yn de súd-sweedske stêd Malmö. Mei goed 24.000 ynskreaune studinten en sa'n 1.600 meiwurkers is it de njoggende nei grutte yn Sweden.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noch jonge hegeskoalle waard yn 1998 stichte, twa jier nei it beslút fan it regear om yn Malmö in ûnderwiisynstitút te stichtsjen. De Universiteit Malmö is ynternasjonaal oriïntearre, hat útwikselingsoerienkomsten mei 240 oare universiteiten en benei in tredde part fan de studinten hat in bûtenlânske eftergrûn. De universiteit leit yn it sintrum fan de stêd oan de Universitetsholmen, en hat in wichtige rol spile by omfoarming fan Malmö fan yndustrystêd nei in sintrum fan ûnderwiis[2]. In grut part de kampus is boud op it stee dêr't oant mids jierren 80 in skipswerf lei.

Rektors[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Malmö högskola - Högskolan i siffror, Webstee fan de universiteit Malmö. 2. desimber 2013.
  2. Malmö en värsting på kris och förnyelse, Sydsvenskan, 2009-04-11