Underkaak

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Undertsjeak")
Gean nei: navigaasje, sykje
Minslike ûndertsjeak

De ûnderkaak, ûndertsjeak of ûnderkake (Latyn: Mandibula) is de grutste en sterkste bonke fan it gesicht. It hat de ûndertosken en foarmet tegearre mei de boppekaak de kaak.

It efterste fertikale part fan de ûnderkaak hat in knier mei it os temporale. It einstik is rûn fan foarm en wurdt caput mandibulae neamd. De kop fan de knier draait en glydt yn it part fan it os temporale dat fossa mandibularis neamd wurdt. Tusken de kop en kom fan de knier sit in knierskiif.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]