Springe nei ynhâld

Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije

Ut Wikipedy
De Onbevlekte Ontvangenis
Peter Paul Rubens

De Unbesmodzge Untfinzenis (Latyn: Immaculata conceptio, Nederlânsk: Onbevlekte ontvangenis) is de roomsk-katolike lear dat de jongfaam Marije fan it momint ôf dat se ferwekt waard (dus noch foar har berte), frij fan sûnde wie.

Yn 'e pauslike bul Ineffabilis Deus fan 1854 naam paus Pius IX it dogma oan fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis fan 'e Jongfaam Marije. De bul folge op in tiid fan 'e tanimmende folksferearing fan Marije, dy’t fan it begjin fan 'e 19e iuw ôf oplôge. Karakteristyk foar dy tiid wiene ek de talrike ferskiningen fan 'e Jongfaam Marije. De ferneamdste Marije-ferskining soe plak fûn ha yn Lourdes, dêr't Marije oant 16 kear ta oan Bernadette Soubirous ferskynde.

De betinkingsdei fan it feest fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis is op 8 desimber fêststeld, njoggen moanne foar it âldere feest fan 'e Berte fan Marije. As dy datum op in advintssnein falt skood de dei op nei 9 desimber. Yn in soad katolike lannen is it in frije dei.

De protestantske tsjerken wize de Unbesmodzge Untfinzenis ôf mei in ferwizing nei Bibelteksten dat allinne Jezus sûnder sûnde wie. Ek de otterdokske tsjerken diele de katolike lear fan de ûnbesmodzge ûntfinzenis net.

De foarstelling fan Maria Immaculata yn 'e keunst toant yn 'e regel in steande Marije sûnder it bern Jezus en meastentiids op in moannesikkel en op wolken, fakentiden ek noch op in wrâldbol mei in slang, it Bibelske symboal fan 'e sûnde. De holle fan Marije wurdt omfieme mei in krâns fan, yn 'e regel tolve, stjerren. Dêrnjonken wurde op skilderijen fakentiden ek roazen of leeljes ôfbylde.

De keunstsinnigens fan 'e Maria Immaculata berikte in hichtepunt yn 'e Spaanske Gouden Iuw mei keunstwurken fan û.o. Bartolomé Esteban Murillo, José Antolínez, Jusepe de Ribera, Zurbarán, Juan Carreño de Miranda, Francisco Rizi en Mateo Cerezo.