Tygh Valley (Oregon)
Tygh Valley | ||
Lokaasje fan Tygh Valley yn Wasco County en Oregon | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Wasco County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 236 (2020)[1] | |
Oerflak | 9,66 km² | |
Befolkingsticht. | 24,42/ km² | |
Hichte | 348 m | |
Oar | ||
Postkoade | 97063 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 45° 14' 48" N 121° 10' 30" W | |
US Route 197 noardlik fan Tygh Valley dy't de Tygh Ridge op rint | ||
Kaart | ||
Tygh Valley is in plak (census-designated place) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 236 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is neamd nei de Tygh (Taih, Tyigh) of "Boppe Deschutes" fan de yndiaanske stamme fan de Tenino.
Tygh Valley wurdt troch guon sjoen as it begjin fan it Barlowpaad. Dat paad wie, yn de snuorje fan de Oregon Trail, ornearre om de rivier de Kolumbia by The Dalles ôf te snijen troch de Cascades nei de delling fan de Willamette yn it westen fan Oregon. Troch de wetterfallen en streamfersnellings wie it tige dreech oer de Kolumbia fan The Dalles ôf te reizgjen. Hja sochten dus nei in oar paad nei it westen ta en sadwaande waard it Barlowpaad oanlein.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tygh Valley leit oan de US Route 197 krapoan 50 km súdlik fan The Dalles yn in lytse delling. Heuvels, lykas de Tygh Ridge noardlik dêrfan omkringje de delling. Om Tygh Valley hinne is in soad lânbou, lykas fleisfee, it ferbouwen fan weet en luserne.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 30 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat Dufur in waarm mediterraan klimaat, Csb. De trochsneed delslach yn Tygh Valley bedraacht likernôch 340 mm.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de folkstelling fan 2000 wennen der 224 minsken, 97 hûshâldings en 67 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 95,09% blanken, 1,34% yndianen, 2,23% Aziaten en 1,34% fan mingde rassen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|