Tsjûktsjensee
Tsjûktsjensee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | n.e. fan Tsjûkotka, n.w. fan Alaska | |
lân | Feriene Steaten Ruslân | |
koördinaten | 69° N, 172° W | |
ûnderdiel fan | Noardlike Iissee | |
sifers | ||
maks. lingte | 800 km | |
maks. breedte | 500 km | |
oerflak | 620.000 km² | |
djiptegemiddelde | 80 m | |
djipste punt | 1.256 m | |
wetterfolume | 50.000 km³ | |
De Tsjûktsjensee en oanswettende seeën. |
De Tsjûktsjensee (Russysk: Чукотское Море; Tsjûkotskoje More; Ingelsk: Chukchen Sea) is in see dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Noardlike Iissee. Dit wetter leit noardeastlik fan it Russyske Tsjûkotka-skiereilân en noardwestlik fan 'e Amerikaanske steat Alaska. Yn it westen swettet de Tsjûktsjensee oan 'e Eastsibearyske See, en yn it easten oan 'e Beaufortsee. De Tsjûktsjensee is fia de Beringstrjitte ferbûn mei de Beringsee en de Grutte Oseaan. It grutte eilân Wrangel leit op 'e grins fan 'e Tsjûktsjensee en de Eastsibearyske See.
De Tsjûktsjensee is mar 4 moannen yn it jier befarber, en 56% fan 'e see is minder as 50 m djip. De see is ryk oan soöplankton, dat der hâlde grutte kloften walfisken en fisken ta, wêrfan't dy lêsten wer seehûnen oanlûke. Dizze bisten wurde tradisjoneel troch de lânseigen folken fan it gebiet, de Tsjûktsjen en de Inûyt, bejage.
De wichtichste haven oan 'e Tsjûktsjensee is Uelen. De iisbear komt ek foar op it pakiis fan dizze see; de populaasje dêr is ien fan 'e fiif genetysk fan elkoar te ûnderskieden Jeraziatyske populaasjes fan de iisbear.
It is de hjitting dat der in soad oalje en gas ûnder it kontinintaal plat fan 'e Tsjûktsjensee sit. Ferskate oaljemaatskippijen hawwe it each dêrop falle litten, mar de konsesjes binne noch net útjûn.
Bekende eilannen yn de Tsjûktsjensee binne: