Tsjerke Baptiste Gemeente (Snits)
Baptistetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Selfhelpstrjitte | |
koördinaten | 53°01' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Uny fan Baptisten Gemeenten yn Ned. | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 2009 (Sûnt 2013 ferboud ta tsjerke) | |
Webside | ||
baptistengemeente.nl | ||
Kaart | ||
De Tsjerke Baptiste Gemeente is in tsjerkegebou fan 'e baptistegemeente oan 'e Selfhelpstrjitte yn Snits. De gemeente is oansletten by de Uny fan Baptistegemeenten yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûntstean fan 'e baptistegemeente yn 'e jierren 1870 wie it wurk fan 'e evangelist Johannes Horn. It tal leden fan 'e jonge gemeente woeks hurd oan en yn 1882 waard in stik grûn oan 'e Toppenhústerdyk 7 oankocht foar de bou fan in tsjerke. Dy tsjerke mei de namme Vrede door het bloed des kruises krige yn 'e folksmûle de namme Fredetsjerke.[1].
Oant 1953 tsjerkten de baptisten oan 'e Toppenhústerdyk, mar fanwegen de oanwaaks moast der yn dy tiid socht wurde om in grutter gebou en dy waard fûn oan 'e Willem Loadewykstrjitte 4. Dat oarspronklik út de jierren 1920 datearjende gebou tsjinne earst as multifunksjoneel sintrum en moast ferboud wurde ta tsjerke. It kompleks waard yn 2000 restaurearre en doe waard ek de toeropbou ferfongen troch in lytser krús. Ek de Sândedeis Adventisten hat fan 'e tsjerke oan 'e Willem Loadewykstrjitte gebrûk makke.[2]
Yn 2012 wie de tsjerke te lyts woarn foar de gemeente en moast der op 'e nij in soad ferboud wurde. De gemeente koe doe fan PostNL in bedriuwspân oan 'e Selfhelpstrjitte oerkeapje, dat geskikt makke waard foar de funksje fan in tsjerke mei ferskate byromten. Op 19 jannewaris 2014 waard de tsjerke offisjeel iepene. De bibeltekst by de iepening wie út Psalm 127: "As de Heare it hûs net bout, om 'e nocht wurkje de bouwers deroan".[3] Yn 'e tsjerke is plak foar 525 minsken.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't it Vulpen-oargel út de âlde tsjerke fanwegen de hichte net meinommen wurde koe nei de nije tsjerke, waard it ferkocht oan 'e herfoarme tsjerke fan Bergharen. De gemeente makket gebrûk fan piano, drums en gitaar en dêrfandinne waard foar de muzikale begelieding net in oar oargel oankocht.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|