Springe nei ynhâld

Tsjerke Baptiste Gemeente (Snits)

Ut Wikipedy
Tsjerke Baptiste Gemeente
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Selfhelpstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2009 (Sûnt 2013 ferboud ta tsjerke)
offisjele webside
Side baptistegemeente

De Tsjerke Baptiste Gemeente is in tsjerkegebou fan de baptistegemeente oan de Selfhelpstrjitte yn Snits. De gemeente is oansletten by de Unie van Baptistengemeenten in Nederland.

It ûntstean fan de baptistegemeente yn de jierren 1870 wie it wurk fan de evangelist Johannes Horn. It tal leden fan de jonge gemeente woeks hurd oan en yn 1882 waard in stik grûn oan de Toppenhústerdyk 7 oankocht foar de bou fan in tsjerke. Dy tsjerke mei de namme Vrede door het bloed des kruises krige yn de folksmûle de namme Fredetsjerke.[1].

Oant 1953 tsjerken de baptisten oan de Toppenhústerdyk, mar fanwegen de oanwaaks moast der yn dy tiid socht wurde om in grutter gebou en dy waard fûn oan de Willem Loadewykstrjitte 4. Dat oarspronklik út de jierren 1920 datearjende gebou tsjinne earst as multifunksjoneel sintrum en moast ferboud wurde ta tsjerke. It kompleks waard yn 2000 restaurearre en doe waard ek de toeropbou ferfongen troch in lytser krús. Ek de Sândedeis Adventisten hat fan de tsjerke oan de Willem Loadewykstrjitte gebrûk makke.[2]

Yn 2012 wie de tsjerke te lyts woarn foar de gemeente en moast der op 'e nij in soad ferboud wurde. De gemeente koe doe fan PostNL in bedriuwspân oan de Selfhelpstrjitte oerkeapje, dat geskikt makke waard foar de funksje fan in tsjerke mei ferskate byromten. Op 19 jannewaris 2014 waard de tsjerke offisjeel iepene. De bibeltekst by de iepening wie út Psalm 127: "As de Heare it hûs net bout, om 'e nocht wurkje de bouwers deroan".[3] Yn de tsjerke is plak foar 525 minsken.

Om't it Vulpen-oargel út de âlde tsjerke fanwegen de hichte net meinommen wurde koe nei de nije tsjerke, waard it ferkocht oan de herfoarme tsjerke fan Bergharen. De gemeente makket gebrûk fan piano, drums en gitaar en foar de muzikale begelieding waard der dêrfandinne net in oar oargel oankocht.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: