Springe nei ynhâld

Trigreppel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Trijegreppel)

De Trigreppel, earder ek Trijegreppel, is in farwetterke yn de gemeente It Hearrenfean. De feart ferbynt de Polsleat mei de Meinesleat. Oer it wetter leit in flapbrechje. Eartiids blykte it in syktehurd te wêzen foar tyfus. In soad minsken waarden siik en guon binne ferstoarn. It gemeentlike Waachgebou wie doe as sikeseal ynrjochte en hjir leinen minsken mei hege koarts. Om definityf mei de sykte ôf te rekkenjen is de hiele Trigreppel mei de skeppe útgroeven. De dyk dy't in part fan de súdkant fan de feart folget hjit ek de Trigreppel.

De namme Trigreppel is 16 maart 2006 offisjeel fêststeld troch Provinsjale Steaten fan Fryslân.