Toskedokter
In toskedokter hat toskhielkunde studearre en hâldt him dwaande mei it gebit fan minsken. Toskedokters folgje in universitêre oplieding. Dizze oplieding duorret 5 jier (per 2007 6 jier) en kin folge wurde oan de universiteiten fan:
Nei de stúdzje toskhielkunde kan in toskedokter him yn Nederlân spesjalisearje ta kaaksjirurch of ortodontist. Foar in spesjalisaasje ta kaaksjirurch is in arts- en tokskedokterdiploma fereaske. Dêrneist binne der toskedokters dy't har talein hawwe op behanneling fan toskfleisproblemen (toskedokter-parodontolooch), it setten fan keunstwoartels (toskedokter-ymplantolooch), woartelkanaalbehannelingen (toskedokter-endodontolooch) en kaakgewrichtsklachten (toskedokter-gnatolooch).
Om yn Nederlân toskedokter te wêzen moatte toskedokters har registrearje yn it BIG-register. Ek moatte troskedokters op grûn fan de Wet klachtrjocht kliïnten soarchsektor (WKCZ) oansluten wêze by in klachtenkommisje. De measte toskedokters binne oansluten by de klachtenkommisje fan harren beropsgroep. Toaskedokters dy't net oansluten binne by in beropsgroep moatte har yndividueel by in klachtenkommisje oanslute.
De twa beropsorganisaasjes foar toskedokters binne de Nederlânske Maatskippij ta befoardering fan de Toskhielkunde ([MT) en de Assosjaasje Nederlânske Toskedokters (ANT).
Fanwege de hege ynstallaasjekosten fan in toskedokterkabinet wurde foar toskedokters mear en mear groepspraktiken opsetten, dêr't de útrêsting en personiel (administratyf en/of toskedoktersassistint(e)) dield wurde kinne.
Neist toskedokters binne de oare beroppen yn de mûlesoarch û.o. de toskedoktersassistint, mondhygiënist, toskprotetikus, tosktechnikus en praktykmanager.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De patroanhillige fan de toskedokter is de H. Apollonia.
- Sommige minsken hawwe in toskedokterfoby wat ynhâldt dat se bang binne om nei de toskedokter ta te gean. Tsjintwurdich brûkt in toskedokter - as de pasjint dat wol - meastal in ynjeksje om de kies te ferdôvjen by in pynlike behanneling.