Springe nei ynhâld

Thimphu

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Timpû)
Thimphu
ཐིམ་ཕུ་
Bestjoer
Lân Bûtan
Sifers
Ynwennertal 79.185 (2005)
Befolkingsticht. 3.029 / km²
Hichte 2320 m
Oar
Stifting Haadstêd yn 1961
Koördinaten
Offisjele webside
(in) Offisjele webside fan Distrikt Thimphu

Thimphu is de haadstêd fan it Aziatyske berchsteatsje Bûtan; it leit yn it Distrikt Thimphu, yn it westen fan it lân oan de rivier Wang Chu. It plak leit op 2300 meter hichte en is omjûn troch bergen.

It is ien fan meast lytse haadstêden fan de wrâld. Ferkearsljochten binne dêr net, at it nedich is wurdt it ferkear regele troch in plysje. Heechbou ûntbrekt, de huzen binne yn tradisjonele styl boud.

Jigme Dorji Wangchuk, doe de kening, hjitte yn 1955 dat Thimphu tenei de iennige haadstêd wêze soe. Dêrfoar hie Bûtan twa haadstêden: Punakha, de winterhaadstêd en Thimphu, de simmerhaadstêd. Foar 1960 wie Thimphu in samling doarpkes en buorskippen, ferspraat lizzend oer de delling.

Thimphu is it politike en ekonomyske sintrum fan Bûtan. Lânbou en feehannel binne it meast fan belang en drage foar 45% by oan it BNP fan it lân. Toerisme, earst tastien yn 1974, is ek fan tanimmend ekonomysk belang, mar wurdt strang regulearre. Der wurdt besocht om in lykwicht te finen tusken tradysje, ûntjouwing en moderniteit wat dat oanbelanget.

De hiele kultuer fan Bûtan, wat literatuer, religy, gewoanten, de nasjonale klaaiing, de kleasterpraktyk, muzyk, dûns, literatuer en yn de media oanbelanget, wurdt wjerspegele yn Thimphu.