Springe nei ynhâld

Time Fades Away (album fan Neil Young)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Time Fades Away)

Time fades away “is in album fan Neil Young, dat er útbrocht hat yn 1973 as opfolger fan syn grutte sukses “Harvest”. It is in live album mei konsertopnamen fan in tournee fan 62 konserten dy ‘t er begjin 1973 holden hat. It album bestiet út nije lietsjes, dêr’t er ek letter nea in studioferzje fan útbrocht hat.

De begeliedingsband wie The Stray Gators, dêr ’t Danny Whitten ek diel fan útmeitsje soe. Whitten wie al lang in fêste gitarist fan Neil by Crazy Horse mar hy stoar ein 1972 oan in oerdoasis heroyne.

De muzyk wykt hiel bot ôf fan de foargonger “Harvest”. Minsken dy ’t nei it konsert kaam wienen om ferskes te hearren lyk as “Heart of gold”, hearden nuver op. It wie nochal rauwe muzyk wat se foarset krigen. In bekind sitaat fan Neil Young is: “Heart of Gold put me in the middle of the road. Travelling there soon became a bore so I headed for the ditch. A rougher ride, but I saw more interesting people”. Nei oanlieidng fan dit sitaat wurde de treie albums dy ’t nei “Harvest” útkaam binne en dy’t nochal rau en tsjuster binne, ek wol “the Ditch Trilogy” neamd.

Yn de rin fan de tournee krige Neil Young hieltyd mear lêst fan de stim, troch it oermjittich brûken fan alkohol en it sjongen mei in falsetto stim moasten der in tal konserten ôfsein wurde. Neil Young wie net sa goed te sprekken oer dit album en woe dêrom ek nea in cd útbringe mei dizze muzyk, hoe bot de fans en kritisy der ek om fregen.

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Time fades away ****
  • Journey through the past*****
  • Yonder stands the sinner****
  • LA****
  • Love in mind****
  • The Bridge*****
  • Last Dance****

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fjouwer stjerren krigen.

  • Neil Young (sang, gitaar, piano, harmonika)
  • Ben Keith (pedal steelgitaar, eftergrûn sang)
  • Jack Nitzsche (piano)
  • Tim Drummond (basgitaar)
  • Johnny Barbata (drums)
  • David Crosby (eftergrûn sang en gitaar)
  • Graham Nash (eftergrûn sang en gitaar)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]