Preview (filmfertoaning)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Testscreening)

In preview (Ingelske útspr.: [ˈpɹiːvjuː], likernôch: "prii-vjûû"; letterlike betsjutting: "foarskôging") is yn 'e kontekst fan films in iepenbiere fertoaning fan in film dy't yn prinsipe foar eltsenien tagonklik is as der genôch sitplakken binne en salang't men de fêststelde priis betelje wol. Wat sa'n fertoaning ûnderskiedt fan oare bioskoopfertoanings fan deselde film, is dat in preview plakfynt foar't de film offisjeel yn premiêre gien is. By previews kin it gean om in saneamde testscreening, wêrby't in film by wize fan proef sjen litten wurdt om neffens de reäksjes fan it publyk te bepalen oft der (benammen kwa filmmontaazje) noch wat oan feroare wurde moat foar de premiêre. In preview kin lykwols ek earne holden wurde om't de film wat mei dy lokaasje út te stean hat, of om in willekeurige oare reden dy't troch de filmdistributeur bepaald wurdt.

In aparte foarm fan 'e preview is de sneakpreview ("temûke foarskôging"), wêrby't de preview foar it publyk as in ferrassing komt. Dêrby kin it publyk yn 't foar witte dat it om in sneakpreview giet mar net fan hokker film, mar it komt ek foar dat it publyk mient nei in fertoaning fan in 'gewoane' film te gean (faak fan in âldere film dy't wat mei de nije film te krijen hat) en dan as de film begjint ta de ûntdekking komt dat harren wat oars foarset wurdt as dêr't se op rekkene hiene. Fral yn it lêste gefal is in sneakpreview foar de filmmakkers in gok, mei't harren film troch in publyk dat wat hiel oars ferwachte hie, min ûntfongen wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.