Terp en Sté
Appearance
(Trochferwiisd fan Terp en Stee)
Terp en Sté wie in stifting yn Ternaard mei as doel it befoarderjen en ynstânhâlden fan ûnreplik guod fan lânskiplik of histoaryske wearde yn Noardeast-Fryslân.
Troch syn aktiviteit waard in beslissing fan de minister fan Lânbou befoardere, dat pleatsen op de Monumintelist of dêrmei lyksteld, net mear publyklik ferkocht waarden mar by ynskriuwing. It Ryk hat dêrnei oerlis mei de belutsen gemeenten. Dy beslissing is lanlik, mar de ynset derfan foarme de takomst fan De Poartepleats yn Waaksens, sadat it fuortbestean fan dy pleats fersekere wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|