Telwurd
Telwurden binne in wurdsoarte. Der binne trije kategoryen:
- beskate of ûnbeskate haadtelwurden;
- beskate of ûnbeskate rangtelwurden;
- oare kwantifisearjende wurden.
Haadtelwurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beskate haadtelwurden
Beskate haadtelwurden binne wurden dêr’t men mei telle en nûmerje kin. Fan de getallen binne dat ien, twa, trije ensfh. it getal nul, it wurd giin 'net ien' en beide, 'twa'. Alle breukgetallen: heal, oardel/oardeheal (en oare wurden op -heal), ien tredde, tsien, fyftsjin, ensfh.
- Unbeskate haadtelwurden
Mei ûnbeskate haadtelwurden wurdt in net krekt beskaat oantal oanjûn. Unbeskate haadtelwurden binne: al/alle (as it kwantifisearjend is), ferskate, folle, gâns, genôch, guon, inkelde, ytlike, party, rju, safolle, tefolle, wat.
Rangtelwurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beskate rangtelwurden
De beskate rangtelwurden jouwe in krekt beskaat plak oan: earste, twadde, tredde, ensfh.
- Unbeskate rangtelwurden
Unbeskate rangtelwurden binne der net safolle, eins allinnich mar middelste, lêste, safolste, hoefolste.