Springe nei ynhâld

Tapirs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tapir)

Tapirs (Tapiridae) binne in famylje fan ûnevenhoevigen dy't tsjintwurdich allinnich noch mar foarkomt yn Súdeast-Aazje en Súd- en Midden-Amearika. Der binne lykwols fossilen bekend fan oer de hiele wrâld.

Yndyske Tapir

De famylje hat fjouwer libbene soarten:

De hjoeddeiske Tapirs binne plante-iters dy't mei harren koarte slurf linich blêden en twigen fan beammen en strewellen ritse kinne. Allinnich yn de fuortplantingstiid sykje Tapirs kontakt mei soartgenoaten. Yn finzenskip kinne se sûnder problemen mei meardere bisten by elkoar hâlden wurde, mar fan sosjaal gedrach is gjin sprake. Jonge tapirs binne streke; pas op lettere leeftyd kleurje se donkerbrún, wylst de Yndyske soarte in wite efterhân krijt.