Springe nei ynhâld

Sûmearysk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sumearysk)
Sûmearysk
algemien
oare namme(n)n.f.t.
eigen namme𒅴𒂠 (eme-g̃ir)
lânseigen ynútstoarn
tal sprekkersútstoarn
skriftspikerskrift
taalsibskip
taalfamyljeisolaat -
dialektennoardlik Sûmearysk, súdlik Sûmearysk
taalstatus
offisjele statusn.f.t.
taalkoades
ISO 639-1-
ISO 639-2sux
ISO 639-3xvn

It Sûmearysk is in útstoarne taal dy't eartiids sprutsen waard troch de Sûmearjers. De taal is neffens ynsjoch yn distiid nei alle gedachten net besibbe mei in bekende oare taal, dêrom wurdt it beskôge as in isoleare taal. De taal waard sprutsen yn Súdmesopotaamje oant en mei sawat 1700 f.Kr. Dêrnei soe it noch oant en mei 100 f.Kr. brûkt wurde as de taal fan Religy, Literatuer en Wittenskip yn Mesopotaamje. De Sûmearyske taal is ien fan de earste talen - faaks wol de earste - dêr't in skrift (it spikerskrift) foar ûntwikkele waard (om-ende-by 3200 f.Kr.). It tiidrek fan skriftlike oerlevering beslaan yn totaal trije tûzen jierren.

De ôfkomst fan it Sûmearysk is likegoed as har besibbens ûnbekend.