Sulky (hynstesport)
Appearance
In sulky is in lichte twatsjillige karre dy't yn de draafsport brûkt wurdt. It hynder, meastal in spesjaal foar dat doel fokte draver, wurdt foar de sulky spand.
Tusken beide tsjilen sit in plato mei in sitting dêr't de pikeur op sit. It hynder rint tusken lamoenen, is mei stringen oan de sulky bûn en wurdt mei leien bestjoerd.