Springe nei ynhâld

Suëzkanaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Suez-kanaal)
Plak fan it Suezkanaal

It Suëzkanaal (Arabysk قناة السويس‎, Qanāt as-Suwais) is in kanaal fan 163 km lang troch de Lâningte fan Suez, dat de Middellânske See mei de Reade See ferbynt. It ferbynt Jeropa mei Aazje en de twa havenstêden Suëz en Port Saïd. It Frânske Suëzkanaal-Selskip (Compagnie Universelle du Canal de Suez), ûnder tafersjoch fan Ferdinand de Lesseps, hie it kanaal yn novimber 1869 ree foar gebrûk. Sûnt hoege skippen fan Jeropa nei Aazje en oarsom net mear om it kontinint Afrika hinne te farren.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Suez Canal fan Wikimedia Commons.