Striidfleil

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Striidflaai")
Gean nei: navigaasje, sykje
Typyske Europeeske striidfleil
Striidfleil

De striidfleil is in midsiuwsk wapentype dat bestiet út on stâle mei oan it útein in koarde of keatling. Oan de keatling siet yn it generaal in metalen stôk of metalen bol, dy't faak metalen punten hie. Skaaimerk fan de striidfleil is dat dy in tsjinstanner dy't him ferdigene mei in skyld dochs reitsje koe.

De striidfleil soe ôflaat wêze kinne fan de fleil dy't by it teskjen brûkt waard, mar dat is lang net yn alle gefallen wis. Wol is bekend dat by rebûlje en by de mobilisaasje fan boerelegers de fleil as ymprovisatoarysk wapen brûkt waard.