Springe nei ynhâld

Stjerferwulft

Ut Wikipedy
14e-iuwsk stjerferwulft yn de poartetoer fan Warwick

In stjerferwulft is in krúsribferwulft, werby de trijehoekige kappen fierder opdield wurde mei ribben.

Troch njonken de diagonaalribben fanút de trije hoekpunten fan de ferwulftkappen mear ribben oan te bringen en dy earne yn de kap nei inoar ta te lieden, ûntstiet der in foarm fan in stjer. Ek de fjilden dy't dan ûnsteane kinne wer mei ribben ferdield wurde, sadat der jimmeroan kompleksere stjerren ûntsteane.

It stjerferwulft waard yn de goatyske boukeunst ûntwikkele. Healwei de 13e iuw waard de foarm al yn Ingelân tapast en dêrnei al gau yn Frankryk. Yn de lette gotyk waard it stjerferwulft it meast tapast.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stjerferwulft fan Wikimedia Commons.