Springe nei ynhâld

Stiselmoal

Ut Wikipedy

Stiselmoal (algemiene molekúlformule: (C6H10O5)n) is in sammelnamme foar komplekse polymearen fan glukoaze, koalhydraten dy't yn de natuer brûkt wurde as fiedselreserve foar planten.

Struktuer fan in amyloaze molekúl

Der wurden twa haadtypen ûnderskiede: amyloaze en amylopektine. Beide soarten binne opboud út glukoazemolekulen dy't op in karakteristike manear keppele binne; inkele hûnderten oant tûzenen yn in regelmjittige ûnfertakke keatling by amyloaze, inkelde tûzenen oant in miljoen yn in ûnregelmjittich fertakjende beamfoarm by amylopektine.