Stins yn de Buorren
De Stins yn de Buorren of de Stins in de Gebuierte stie yn Holwert, gemeente Dongeradiel. Fan de stins is neat werom te finen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it ûntstean is neat bekend. Yn de buorren fan Holwert stienen in tal huzen dy't as stins oantsjutten waarden. Yn de tiid fan de fêststelling fan in stimkohier (1640) wienen it huzen fan oansjen: der wie doe stimrjocht oan ferbûn. Yn 1640 wie de gritenijsekretaris dr. Cornelius Vermees eigener en bewenner. Hy hie dit stens huys ende langhuys, boomen ende plantagie, stecken mitsgaders leedighe plaetse inde gebuierte van Holwert, strekkende van de strate tot achter aende schipvaert yn 1631 kocht fan de erfgenamten fan jonker Worp fan Tjessens en dy syn frou Ursel fan Scheltema.
Ek de opfolgjende sekretarissen Zacharias Huber, Gerlacus fan Scheltinga en yn de 18e iuw Claes Jilles Hulshuijs wennen der. Yn 1640 wie der al in olde huijsinge ten westen van de stins by kocht en yn 1647 kocht Huber in hoff, tuin, bomen en plantagie besuden syn hûs, benoarden begrinze troch eigendom fan Hessel fan Meckema. By de keap fan it hûs yn 1645 wie dit omskreaun as 'seeckere stins en huijsinge, sampt koecken terzijde met de plaets ende hovinge daer bij zijnde' en oandiel oan de 'put ende steige'. Yn 1784 ferkocht in neisiet fan Cl. J. Hulshuijs de 'stins inde buuren' oan Jacob Reinders Bleinsma. It hûs waard doe omskreaun as in schoone, stemgeregtigde en rojale huysinge, voorsien met drie onder en drie boven camers, waaronder een groot zaale en een vertrek met een schoonen Sweedse vloer van wit albasten steenen. It hûs wie wielderich ynrjochte en hie in koken, hynstestâl, weinhûs, twa putten, in dowetille, in grutte hôvinge en tunen dy't mei in ringmuorre beskûl hienen. Under de Bleinsma's is it gebou yn ferfal rekke en brûkt as jeneverstokerij, dy't yn 1806 noch bestie (neffens it reëelkohier).
De oantsjutting 'met aandeel in de steeg en de put' en de omskriuwing 'met een keuken terzijde' docht fermoeden dat de stins op it stee stien hat dêr't no it pân nr. 7 stiet. Dat hat noch altiten in oanbou oan de sydmuorre en grinzet oan de oare side oan de stege. Fan midsiuwske fûneminten is neat te sjen.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oant 1631 erfgenamten fan jonker Worp van Tiessens
- 1640 dr. Cornelius Vermees
- 1645 Zacharias Huber
- Gerlacus fan Scheltinga
- Claes Jilles Hulshuijs
- oant 1784 family Hulshuijs
- 1784 Jacob Reinders Bleinsma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|