Springe nei ynhâld

Stimhawwende pleats

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stimdragende pleats)

In stimhawwende pleats wie yn de bestjoerlike ynrjochting fan Fryslân fan foar 1795 de grûn foar it aktyf kiesrjocht.

Betrieme ferkiezings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It aktyf kiesrjocht wie keppele oan it besit fan de stimhawwende pleatsen. De eigeners fan de sokke pleatsen mochten in stim útbringe wa at keazen waard foar bestjoerlike, tsjerklike as rjochterlike amten yn it doarp.

De mearheid fan de doarpen bepaalden wer wa at de grytman fan de gritenij wurde mocht, teminsten der waard in trijetal foardroegen dêr't de steedhâlder ien fan beneamde. Fierder waarden ek de oare bestjoerlike en rjochterlike amten keazen en ek twa folmachten foar de Steaten fan Fryslân.

Ut de folmachten waarden dan neffens it kertier minsken keazen foar Deputearre Steaten en foar it Hof fan Fryslân.

In protte waard dus bepaald troch de eigeners fan stimhawwende pleatsen. Troch it oankeapjen fan stimhawwende pleatsen, kamen hieltiten mear stimmen yn it besit fan in beheind tal aadlike famyljes dat sy ûnderling de funksje fan grytman en de amten by de provinsje ûnder elkoar ferdiele koene. It oankeapjen diene se benammen yn de lytse doarpen fan in gritenij. Elts doarp hie likefolle wicht yn de stimming, in mearheid fan in lyts doarp wie goedkeaper (minder pleatsen) te regeljen dan yn in grut doarp.

Om't de stim oan de pleats, as it hoarnleger, keppele wie, waard om de kosten by it keapjen fan in stim it lân fan in pleats nei de keap der faak fan wei ferkoft. Somtiden stie der op it hoarnleger net iens mear in wente.

Om dit soarte praktiken wat tsjin te gean waard yn 1748 yn it "Reglemint Reformatoir" bepaald dat der wol in hûs op it hoarnleger stean moast om stimhawwend te wêzen. It gefolch wie dat der sûnt dy tiid wol saneamde stimhúskes op de hoarnlegers delset waarden, somtiden de jûns foar de ferkiezings noch.

As yn de Midsiuwen in doarp in tsjerke stichtsje woe, moasten de stimhawwende pleatsen, de gemeene meente of miene miente, ûnreplik goed jaan as pastorijegoed, patroangoed en as der in fikaris wie fikarygoed.