Springe nei ynhâld

Steffen fan Ripon

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stephanus Eddius)
Side út in 11e iuwsk manuskript fan de Vita Sancti Wilfrithi oer de stchting fan Hexham Abbey

Steffen fan Ripon, of ek wol Eddius (Æddi) Stephanus, wie de hagiograaf en selskipsman fan de achtste-iuwske biskop Wilfryd fan York. Hy skreau de hagiografy Vita Sancti Wilfrithi

Der is hast neat oer syn libben te finen. De skriuwer fan Vita Sancti Wilfrithi neamt himsels “Steffen, in preester”. Beda ferhellet fan in Ædde Stephanus, in sjonglearaar út Kent, dy't troch Wilfrid yn 669 nei Ripon helle wurdt om sjongûnderrjocht te jaan. Fanâlds wurdt tocht dat hy deselde is as de boppeneamde Steffen. Der is lykwols gjin hurd bewiis foar de ûnderstelling dat it om ien en deselde persoan giet.[1] As it wol sa is soe Steffen teminsten tweintich jier west hawwe doe't er nei it noarden kaam, en soe er yn syn sechtiger jierren, as âlder, west hawwe by de dea fan Wilfred yn 709.

At it no al as net sa west hat oft Steffen de preester Wilfryd syn sjongpedagooch fan Kent wie, it hat grif in folger fan Wilfryd west mei tagong ta lju dy't him goed kend hawwe en dy't de boarnen foar it 'Libben fan Wilfryd' west hawwe. Hy skreau it wurk foar de muontsen Ripon, dêr't in protte fan kunde oan Wilfrid hân hiene. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kirby, s.102
  2. Abels, s.13