Springe nei ynhâld

Son House

Ut Wikipedy
Son House
sjonger en/of muzikant
Son House
Son House
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eddie James House jr
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 maart 1902
berteplak Riverton
stoarn 19 oktober 1988
stjerplak Detroit
wurkpaad
sjenre Blues
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1930-1974

Son House (wiere namme: Eddie James House jr.; 21 maart 1902 - 19 oktober 1988) wie in foaroansteand blues-sjonger en -gitarist fan Afro-Amerikaansk komôf.

Hy waard berne yn Riverton, Mississippi yn de Feriene Steaten.

Son House makke opnamen foar Paramount Records yn 1930 en foar Alan Lomax fan de Library of Congress yn it begjin fan de 40-er jierren. Hy ferdwûn dêrnei út sicht fan it publyk oant yn de 60-er jierren country blues opnij yn de belangstelling kaam te stean en hy opnij 'ûntdekt' waard.

Hy toerde troch de Feriene Steaten en Europa en makke platen foar CBS. Krekt as Mississippi John Hurt waard House omearme troch it muzyk wrâldsje fan de 60-er jierren en spile ûnder oaren op it Newport Folk Festival yn 1964.

It belang fan Son House foar de blues wie dat hy mear as wa dan ek, de 'útfiner' fan de delta blues wie. Hy wie gjin firtuoas lykas Robert Johnson: technysk wie hy as muzikant de swakke kant it neist. Dat makke hy mear as goed troch syn fernijende styl mei in sterk rôljend ritme, faak spile mei help fan in 'flessehals', keppele oan syn sterke fokale bydrage, dy't tinken die oan de chain gangs. De muzyk fan Son House wie typyske dûnsmuzyk. Hy beynfloede syn tiidgenoaten Charley Patton en ek Robert Johnson, dy't de muzyk fan House op in heger nivo tille soe. It wie House dy't, om yndruk te meitsjen op jonge blues-fans yn de 60-er jierren, de leginde de wrâld yn brocht dat Robert Johnson syn siel oan de Duvel ferkocht hie om syn gitaarspul te ferbetterjen.

Sykte makke dat Son House yn it begjin fan de 70-er jierren stoppe mei optreden. Hy ferstoar yn 1988 yn Detroit.