Springe nei ynhâld

Sosjalistyske Partij (Nederlân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Socialistische Partij )SP))
'
Partijlieder Jimmy Dijk
Partijfoarsitter Jannie Visscher
Oprjochting oktober 1972
Haadsit Amersfoart
Ledetal
Jongereinorganisaasje SP Jongeren
Wittenskiplik buro Wittenskiplik Buro fan de SP
Europeeske fraksje Jeropeesk Unitêr Links/Noards Grien Links
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside www.sp.nl

De Sosjalistyske Partij (Socialistische Partij) (SP) is in Nederlânske politike partij dy’t fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en (oan 2019) it Europeesk Parlemint. De SP is ek aktyf yn tal fan gemeenten en provinsjes. De SP is de meast linkse partij yn de Nederlânske folksfertsjintwurdiging.

De SP is yn 1972 oprjochte. De partij is ûntstien út de kommunistyske beweging mar dêr hiene se ôfstân fan naam. De partij wie yn earste ynstânsje oprjochte om lokale aksjes te fieren en stipe oan de boargers te ferlienen op it mêd fan sojale wenningbou, miljeu, útkearingen en sa. In tal ôfdielingen hat in "Help Tsjinst" foar minsken dy't help nedich hawwe by it omgean mei ynstânsjes, ynfollen fan formulieren en sa. Troch dy aksjes krigen sy al gau gruttere bekendheid, wat harren earste riedssitten oplevere yn de gemeenten Nijmegen en Oss. Dêrnei waarden der al ridlik gau ôfdielings oprjochte yn mear gemeenten.

De partij kaam yn 1994 foar it earst yn de Twadde Keamer mei twa sitten. De earste twa keamerleden wienen Jan Marijnissen en Remi Poppe. Dêrnei is de partij nochal hurd groeid oant sy by de Keamerferkiezings fan 2006 op 25 sitten kaam. Dat tal hawwe sy net fêsthâlde kind.

Yn 1999 is it begjinselprogram “Heel de Mens” fêststeld. Utgangspunten binne “minsklike waardichhyd, lykwaardigens en solidèrityt”. De partij hat it ferline as aksjepartij nea loslitten, "aksje en fraksje” binne foar harren like belangryk.

Yn 2008 waard Jan Marijnissen as fraksjefoarsitter opfolge troch Agnes Kant. Marijnissen bleau oant 2015 partijfoarsitter. Agnes Kant hat fraksjefoarsitter west oant 2010 en is doe opfolge troch Emile Roemer. Roemer is yn desimber 2017 opfolge troch Lilian Marijnissen. Marijnissen is yn desimber 2023 opfolge troch Jimmy Dijk. Yn 2015 hawwe der ynterne ferkiezings plakfûn foar de nije partijfoarsitter, dy binne wûn troch Ron Meyer. Meyer is yn desimber 2019 opfolge troch Jannie Visscher.

By de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 gong de SP fan 250 nei 458 sitten. De partij nimt no yn sawat 40 gemienten diel oan it Kolleezje troch wethâlders te leverjen. Dat is ûnder oaren yn Amsterdam, Utert, Arnhim, Eindhoven, Maastricht, Nijmegen, Heerlen, Flissingen en Grins. Yn Smellingerlân is Jos van der Horst de earste SP wethâlder fan Fryslân.

By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten yn 2015 waard de SP yn Grinslân de grutste partij. De SP gong diel útmeitsjen fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn Grinslân, Fryslân, Flevolân, Súd-Hollân, Noard-Brabân en Limburch. Yn Fryslân sit Michiel Schrier foar de SP yn it Kolleezje.

Oersjoch sitten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De SP hat sûnt 1977 dielnommen oan de ferkiezings foar de Twadde Keamer. It oantal sitten by dy ferkiezings wie:

  • 1977: 0 sitten (0,2%)
  • 1981: 0 sitten (0,3%)
  • 1982: 0 sitten (0,5%)
  • 1986: 0 sitten (0,3%)
  • 1989: 0 sitten (0,4%)
  • 1994: 2 sitten (1,3 %)
  • 1998: 5 sitten (3,5%)
  • 2002: 9 sitten (5,9%)
  • 2003: 9 sitten (6,3%)
  • 2006: 25 sitten (16,6%)
  • 2010: 15 sitten (9,8%)
  • 2012: 15 sitten (9,6%)
  • 2017: 14 sitten (9,1%)
  • 2021: 9 sitten (6,0%)
  • 2023: 5 sitten (3,1%)

Sitten Twadde Keamer sûnt 2023

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2021 hat de SP fiif sitten ferlern en binne hja fan 14 nei 9 gong. Yn 2023 binne de SP fan 9 nei 5 gong.

De SP-fertsjintwurdigers yn de Twadde Keamer binne:

Sitten Earste Keamer sûnt 2023

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De SP fraksje yn de Earste Keamer bestiet út:

Sitten Jeropeesk parlemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De delegaasje yn it Europeesk Parlemint bestiet sûnt 2019 út nul persoanen.