Slafink

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Slaadfink")
Jump to navigation Jump to search
Slaadfinken

In slafink is in rôltsje bargegehak omwuolle mei spek. Dat wurdt sa yn de bûter of oalje bret yn in koekepanne en as fleis by it middeis- of jûnsmiel iten. It is belangryk dat it brieden op net te heech fjoer dien wurdt, oars is it spek oanbaarnd eardat it gehak gear is.

De slafink is ien fan de meast iten kant-en-kleare fleisprodukten yn Nederlân, nettsjinsteande de priis, want omrekkene de kilo, wurdt by de slaadfink meast foar it gehak betelle.

Oarspronklik wie in goede slafink omwuolle troch trije plakjes spek. [1] Troch it kostenaspekt en de produksjetiid meitsje in soad slachters de slafinken tsjintwurdich mei ien of heechút twa plakjes spek.

De slaadfink is in fariant fan de oarspronklike bline fink.

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. J.W. Baretta (red.), Moderne beenhouwerij en charcuterie in woord en beeld (N.V. Centraal Boekhuis, Antwerpen, twadde printinge, 1965), 260

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]