Springe nei ynhâld

Húsketûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skytfet)
Tûntsjeman[1]
Tontsjeleegje op it stoart by Wânswert

In húsketûne wie in tûne út in húske. De earste húskes stienen boppe it húskegat (ek: stjonkdobbe), boppe in feart as groppe.

Doe't bliken die dat (besmetlike) syktekimen sadwaande ek yn it grûnwetter kamen, waard yn de stêden in wikselsysteem ynfierd. De skyttûnen waarden ien kear wyks of ien kear yn de fjirtjin dagen omwiksele troch de tûntsjeman foar in legen-ien. De folle tûne waard - soms troch de koken - nei bûten brocht- en op de tûntsjewein setten en dan nei de tûneskûte of it stoart riden. Sa'n tûntsjekarre stjonke omraak. Húshâldings mei in besmetlike sykte krigen wol in tûntsje mei in aparte kleur. It lêste tûntsje op De Lemmer waard yn 1979 ophelle út it bûtengebiet. It oanlizzen fan riolearring koste ommers in fermogen. Sinkputten en septictanks wurde yn bûtenút noch wol brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tûntsjeman Douwe van der Molen mei in tûntsje op it skouder. Op syn pet GR fan GemeenteReiniging. De foto soe yn de Simmerraksbuert fan Snits nomd wêze kinne.