Springe nei ynhâld

Skermjen

Ut Wikipedy
Skermjen as olympyske sport

Skermjen is in wapensport dêr't by fjochte wurdt mei it floret, de degen of de sabel.

It skermjen yn de hjoeddeiske foarm is ûntwikkele fan 1896 ôf, doe't de sport part fan de Olympyske Spullen waard. It die doe lykwols bliken dat der grutte nasjonale ferskillen wienen, wat mei de oanlieding wie foar it stiftsjen fan de Ynternasjonale Skermfederaasje (FIE: Fédération Internationale d'Escrime).

De sport is yndield yn trije dissiplines: floret, degen en sabel. De wapens binne ferskillend fan mjitte en foarm, en de dissiplines ferskille yn de details fan hokfoar parten fan it lichem rekke wurde meie en hoe de oanfal oernommen wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: