Springe nei ynhâld

Sjintoïsme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sjinto)
In Sjinto Hilligdom

Sjinto of Sjintoisme (神道) is de oarspronklike religy fan Japan. It wurd is in kombinaasje fan twa wurden en it betsjut de wei fan de goaden.

Yn de Sjinto godstsjinst wurde de Kami oanbeden, dit binne natuergeasten. Guon Kami binne lokaal, dat wol sizze dat dy geasten by in bepaald plak hearre, wylst oare ferienselvige wurde mei gruttere objekten en ferskynsels yn de natoer. Amaterasu, bygelyks is de sinnegoadin.

Sjinto is oan de iene kant in sterk ûntwikkele natuergodstsjinst (animisme), dy’t djip ferankere is yn de Japanske maatskippij. Mar it is ek in ideology dy’t nog net sa lang lyn brûkt is om it doetiidske Japanske Militarisme te rjochtfeardigjen. Fan 1868 ôf oant flak nei de Twadde Wrâldkriich wie Sjinto de steatsgodstsjinst. Sjinto en it Boedisme hawwe elkoar bot beynfloede.

Sjinto hat in grutte leafde foar en earbied foar de natuer. In wetterfal, de moanne of in aparte stien kinne foar in Kami hâlden wurde. Itselde jildt foar in garismatysk persoan en foar mear abstrakte ferskynsels lykas groei en fruchtberheid. Yn de jierren namen de natoeregodstsjinstige aspekten fan Sjinto ôf. Se krigen stees mear Antromorfyske (minskfoarmige) foarmen. De Kami binne gjin transedinte goaden yn de westerske sin. Dochs bewenje de goaden wol deselde wrâld as dat wy dogge.

Kami wurde benammen fereare yn iepenbiere hillichdommen, mar ek wol yn lytse privee hillichdommen. Guon fan dizze hillichdommen (jinja) binne grutte gebouwen, mar de measte binne lyts. Yn fergeliking mei bygelyks de katedralen út it kristendom mei djoere materialen binne de Jinja faak mar hiel ienfâldich. It giet dan ek net om it gebou mar om it geastlike. Jinja’s binne faak boud op ferhegingen en guon binne dan ek moeilik te berikken. Meastal wurdt de tagong ta it terein markeard mei torii- poarte, dy’t bestiet út twa peallen mei dêrop twa dwersbalken. It gehiel is faak yn fermiljoen skildere. Der binne hjoed de dei mear as 100.000 fan dizze hillichdommen yn gebrûk, allegear bemanne mei in Sjinto prysters.

Kami wurde faak belutsen by belangrike foarfallen lykas in houlik, talitting ta de universiteit, it delsetten fan gebouwen en mear. Ek wurdt der faak bidden om ierdse saken, lykas in bern, in promoasje of gelokkiger libben. Tidens begraffenissen binne krektas yn Sina de mear Boeddhistyske aspekten belangriker. It oanbidden fan de Kami bart mear by Sjinto festivals. De meast oanbiddene Kamis is de sinnegoadinne mei de namme Amaterasu. It wichtichste hillichdom fan Amaterasu stiet yn Ise. Yn it hillichdom wurdt se symbolisearre my spegel, somtiden kin de Jinja ek leech wêze.

In Torri- poarte

Oant flak nei de Twadde Wrâldkriich leaude men dat de keizer ôfstamme fan Amaterasu, en derom sels in Kami wie, nammentlik in Ikigami, in libbene Kami. Keizer Hirohito dy't yn 1946 ûnder druk fan de Feriene Steaten ôfstân die fan dizze goddelike status, mar de keninklike famylje is nog altyd sterk belutsen by de Sjinto rituelen dy’t de ienheid fan Japan symbolisearje.

Reinigingsrituelen foarmje in wichtich ûnderdiel fan Sjinto. Sy dogge dit om de Kami tefreden te hâlden. In mear persoanlik ritueel is it wetterritueel dat wurdt bygelyks hâlden by in wetterfal of by de see. In tredde foarm is it taboe. Froulju mochten bygelyks oant 1868 net de berch Fuji beklimme. Dizze foarm is de lêste jierren minder belangryk wurden, mar noch altyd giet in Jappaner dy’t krekt immen ferlern hat net nei in brulloft. Troch in soad Jappaners wurdt Sjinto net sjoen as in religy mar as in manier fan libjen.

Sjinto hat in soad ynfloed op de Japanske kultuer. Dat is te merkbiten oan de Japanske arsjitektuer en túnûntwerpen. Yn it Sumo wrakseljen is de ynfloed ek dúdlik te fernimmen. Foar in gefjocht moatte der in soad rituelen dien wurde wêrûnder it goaien fan sâlt om de arena te himmeljen.