Springe nei ynhâld

Sjikokû

Ut Wikipedy
De lizzing fan Sjikokû yn Japan.

Sjikokû, ek wol stavere as Shikoku (Japansk: 四国, Shikoku), is it lytste fan 'e fjouwer haadeilannen fan Japan, dat fan dy fjouwer eilannen ek de lytste befolking hat. De namme betsjut letterlik "fjouwer provinsjes". Fan âlds waard it ek wol Iyo-no-futana-shima, Iyo-shima of Futana-shima neamd. De moderne namme ferwiist nei de fjouwer eardere provinsjes dêr't Sjikokû út bestie: Awa, Tosa, Sanuki en Iyo.

Sjikokû wurdt yn it suden begrinzge troch de Stille Oseaan, wylst yn it westen de Strjitte fan Bungo-suido it skiedt fan Kjûsjû. Yn it noarden en noardeasten leit de Japanske Binnensee, mei oan 'e oare kant it grutste Japanske eilân, Honsjû. Mei Honsjû is Sjikokû ferbûn troch trije ûnderskate brêgestelsels dy't de Japanske Binnensee trochkruse.

De haven fan Kameura, op Sjikokû.

Sjikokû is rûchwei 225 km lang fan noardeast nei súdwest. Op it smelste punt is it 50 km breed, en op it breedste sa'n 150 km. Yn totaal beslacht it in oerflak fan 18.800 km², wat delkomt op 5% fan it Japanske grûngebiet. It binnenlân bestiet fierhinne út berchtme, en it heechste punt is de berch de Ishizuchi, mei in hichte fan 1.982 m.

Yn 2005 hie Sjikokû in befolking fan goed 4,1 miljoen minsken, dy't foar it meastepart yn 'e relatyf smelle stripe leechlân by kusten lâns wenje. De befolkingstichtens fan it eilân komt út op 220,3 minsken de km², mar dat is in gemiddelde, dat yn it binnenlân folle leger leit en by de kust lâns folle heger. De grutste stêd fan it eilân is Matsuyama, mei in befolking fan likernôch 513.000 minsken. Oare gruttere plakken binne Kochi en Tokushima. Bestjoerlik foarmet Sjikokû ien inkele Japanske regio, dy't bestiet út fjouwer prefektueren (sis mar provinsjes): Ehime, Kagawa, Kochi en Tokushima.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.