Tsjobbekampster Wetterlossing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sjammekaampster Waeterlossing)

De Tsjobbekampster Wetterlossing (Stellingwerfsk en offisjeel: Sjammekaampster Waeterlossing) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart ferbynt de Opsterlânske Kompanjonsfeart benoarden Donkerbroek mei de súdliker rinnende De Tsjonger.

De namme Sjammekaampster Waeterlossing jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tjobbekampsterwaterlossing.