Springe nei ynhâld

Sitaat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sitearre)

In sitaat (fan it Latynske citatus, in grammatikale ferbûging fan citare, dat "bewege litte" betsjut) is in letterlike utering fan immen, dy't troch in oar oanhelle wurdt. Dêrby kin it gean om in fraze, sin of hiele passaazje dy't immen sprutsen of skreaun hat. As it sitaat sels sprutsen wurdt, sil it markearre wurde troch in tiidwurd dat oanjout dat it in sitaat is:

Jan sei: "Ferrek mar, ik doch it net."

As it sitaat skreaun wurdt, kin folstien wurde mei it pleatsen fan 'e oangeande tekst tusken klammerkes (better bekend ûnder de hollanistyske oantsjutting oanhellingstekens):

Jan: "Ferrek mar, ik doch it net."

Sitearjen (it dwaan fan in sitaat) ferskilt fan parafrazearjen. Dat lêste is nammentlik it yn eigen wurden werjaan fan ideeën of útspraken fan oaren:

Jan ferhipte it om it te dwaan.

Dit bringt oan 'e harker of lêzer krekt itselde boadskip oer, dus it idee wurdt hanthavene, mar de foarm is oars. It oernimmen fan sitaten út oarmans (skreaune) wurk sûnder dúdlik oan te jaan dat it om in sitaat giet, hjit plagiaat. As by plagiaat auteursrjocht skeind wurdt, wat net altyd it gefal is, giet it om in strafber feit. It rjocht om út oarmans wurk te sitearjen (ynsafier't dúdlik oanjûn wurdt dat it om in sitaat giet en wêr't dat sitaat wei komt), hjit it sitaatrjocht. Dat rjocht is yn Nederlân fêstlein yn kêst 15a fan 'e Auteurswet.

Inkele foarbylden fan bekende sitaten fan bekende persoanen binne:

Inkele foarbylden fan bekende sitaten út literêre wurken en films binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.