Springe nei ynhâld

Sint-Marijekatedraal (Tokio)

Ut Wikipedy
Sint-Marijekatedraal
bouwurk
lokaasje
lân Japan
Tokio
adres 3-15-16 Sekiguchi, Bunkyo-ku
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1965
boustyl Moderne arsjitektuer
offisjele webside
Side aartsbisdom Tokio

De Sint-Marijekatedraal (Japansk: 東京カテドラル聖マリア大聖堂) is de sit fan it Japanske aartsbisdom Tokio fan de roomsk-katolike tsjerke. De tsjerke leit yn it wengebiet Skiguch fan it Tokiose stedsdistrikt Bunkyō.

It oarspronklike gebou út 1899 wie in neogoatyske houten tsjerke, dat by loftoanfallen op de stêd yn de Twadde Wrâldkriich ôfbaarnde.

Ynterieur

Oan it begjin fan de jierren 1960 noege it aartsbisdom de trije arsjitekten Kenzō Tange, Yoshiro Taniguchi en Kunio Maekawa út om ûntwerpen te leverjen foar nijbou. Der waard keazen foar it ûntwerp fan Tange, dy't in konstruksje fan beton en stiel ûntwurpen hie. Tegearre mei de arsjitekt fan de Keulse aartsbisdom Wilhelm Schlombs en de Switserske arsjitekt Max Lechner en mei finansjele stipe fan it aartsbisdom Keulen fûn de útfiering fan de bou plak.

De yn 1965 foltôge tsjerke hat in krúsfoarmige plattegrûn en is oant 40 meter heech. It heechst is de katedraal boppe it eastlike ein boppe it alter. De tolve sintimeter dikke betonnen platen dêr't de tsjerke mei boud is binne oan de bûtenkant mei rustfrij stiel beklaaid, wylst it ynterieur it beton bleat leit.

De frijsteande klokketoer hat in hichte fan 61.6 meter.

It oargel waard yn 2004 troch de Italjaanske oargelboufirma Mascioni boud. By de bou adivisearre de Italjaanske organist Lorenzo Ghielmi.

It ynstrumint hat 46 registers (3.122 pipen) op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne meganysk, de registertraktueren elektrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Marien (Tokio)