Sakoku
Sakoku (Japansk: 鎖国, letterlik 'lân yn de keatlingen' of 'lân op slot') wie de bûtenlânske polityk fan Japan yn it tiidrek 1642-1853, dêr't gjin bûtenlanner it lân yn komme mocht en Japanners it lân net út mochten. Dy polityk kaam ta stân troch de ynfloedrike Tokugawa-dynasty laat fan Tokugawa Iemitsu en bleau bestean oant de komst fan kaptein Matthew Perry út de Feriene Steaten dy't soarge foar de iepenbrekking fan Japan.
Yn it tiidrek fan de Sakoku wie Japan lykwols net folslein isolearre. Under tige strikte kondysjes wiene hiel beheind kommersjele relaasjes mei it bûtenlân mooglik, mar wol ûnder strang tafersjoch fan de Shogun. De Nederlanners op it eilân Desjima hienen dêr in wichtige rol yn.
Ein fan it isolemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 july, 1853, kaam kaptein Matthew Perry fan de United States Navy mei fjouwer oarlochsskippen yn Japan oan en easke fan de Japanners harren doarren iepen te setten foar de hannel mei it Westen. It folgjende jier (1854), kaam Perry werom mei sân skippen en twong de Shogun om in ferdrach te tekenjen, de "Treaty of Peace and Amity", dat diplomatike relaasjes tusken Japen en de Feriene Steaten mooglik makken.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hall, John Wesley, Tanuma Okitsugu: Foreruner of Modern Japan. Cambridge: Harvard University Press, 1955.