Robert de Sorbon
Robert de Sorbon (9 oktober 1201 - 15 augustus 1274) wie in Frânsk teolooch, hofpreker en de oprjochter fan de Universiteit fan Parys.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert de Sorbon waard berne yn in earme famylje út Sorbon yn de Ardennen. Robert gie by de Roomsk-Katolike tsjerke en waard oplaat ta pryster yn Reims en Parys. Hy wie bekend om syn frommens yn dy tiid. Om 1251 hinne waard er kanunnik yn Kamerijk. Deselde funksje ferfolde er in tal jierren letter yn Parys en hy waard dêr ek de bychtheit fan Loadewyk IX.
Robert de Sorbon sette út ein mei ûnderwizen om 1255 hinne yn it saneamde Maison de Sorbonne, in hegeskoalle yn Parys. Ynearsten om in tal learlingen yn de teology te ûnderrjochtsjen. Hy waard dêrby stipe troch de kening en krige yn 1259 de goedkar fan paus Alexander IV. Dêrnei waakste syn skoalle ta in wichtich ûnderwiisynstitút, de lettere Universiteit fan Parys. Robert de Sorbon wie de kânselier fan de universiteit. Hy joech les en preke dêr fan 1258 oant syn dea yn 1274.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De bibleteek fan de Universiteit fan Reims út 2006 is nei Robert de Sorbon ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|