Springe nei ynhâld

Ald Slot

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Roardastate (Wergea))
Ald Slot (2022)

It Ald Slot, ek: Roardastate, oan de Slotwei is in ryksmonumint yn Wergea. It Ald Slot, oarspronklik Ald Roarda neamd, waard om 1790 boud as in state. By de bou waard in soad materiaal brûkt fan de ôfbrutsen stins, dy't dêr oant 1774 stien hat.

It Ald Slot tsjinne fan 1989 oant 2019 as museum.[1], dêr't stylkeamers út de 18e iuw en 19e iuw te sjen wiene.

Yn de oanbou wie ek it ynterieur fan in arbeidershúske te sjen. Yn de kelder, dy’t ek as eksposysjeromte brûkt waard, stiene fitrines. Der koene ek bernejierdeis en Ald-Fryske spulmiddeis organisearre wurde.

De tún wurdt al neamd yn De Tsien fan Martens Afke, fan Nienke fan Hichtum.

  • 1423 - Siurd Roarda
  • ± 1500 - skaai Bootsma
  • 1589 - Dr. Tiede fan Popma thoe Ylst
  • 1787 - Reynoldus Popma-de Schiffart
  • 1982-2019 - Fam. D. Dijkstra

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: