Reinoud III fan Gelre
Reinoud III 'de Dikke' fan Gelre (13 maaie 1333 - 4 desimber 1371) wie hartoch fan Gelre.
Reinoud III wie de soan fan Reinoud II fan Gelre en Eleönoara fan Ingelân. Nei de dea fan syn heit yn 1343, waard syn mem fâd oer him en regeare hja yn Gelre. Op syn tolfte waard Reinoud mearderjierrich ferklearre. Hy wie boaske mei Maria fan Brabân, mei gefolch dat er fan twa siden te krijen hie mei it skeel tusken de Frânsk-Brabânske partij en de Ingelske partij yn ferbân mei de hûndertjierrige oarloch.
Sirka 1350 kaam der spul tusken Reinoud en syn jongere broer Edwert. As gefoch dêrfan waard Reinoud sammelpunt foar de Heekerens yn de partijstriid tusken de Bronkhorsten en de Heekerens, wylst syn broer sammelpunt fan de Bronkhorsten waard. Yn 1361 einige dit skeel dermei dat Reinoud yn hannen fan syn broer rekke en doe fêstsetten waard op kastiel Roosendaal by Arnhim en letter yn kastiel Nijenbeek by Foarst.
Nei de dea fan syn broer yn 1371 waard Reinoud frijlitten. Dat gie neffens it ferhaal noch net sa maklik, want wylst er finzen holden waard hie er it dêr sa goed hân dat er net mear troch de doar fan syn sel koe. Earst nei't der in stik fan de muorre útbrutsen wie koe er út it kastiel komme. Reinoud wie noch in pear moannen hartoch, oant er 4 desimber ferstoar. Hy waard begroeven yn it kleaster Grafenthal. Mei him einige it Hûs Wassenberch.
- Hartoch fan Gelre
- Greve fan Sutfen
- Nederlânske adel
- Hûs Wassenberch
- Ingelsk persoan fan Aragoneesk komôf
- Ingelsk persoan fan Flaamsk komôf
- Ingelsk persoan fan Frânsk komôf
- Ingelsk persoan fan Hongaarsk komôf
- Ingelsk persoan fan Normandysk komôf
- Ingelsk persoan fan Oksitaansk komôf
- Ingelsk persoan fan Spaansk komôf
- Nederlânsk persoan fan Aragoneesk komôf
- Nederlânsk persoan fan Flaamsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Hongaarsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Oksitaansk komôf
- Nederlânsk persoan fan Spaansk komôf
- Persoan fan Leöneesk komôf
- Persoan fan Savoaisk komôf
- Persoan berne yn 1333
- Persoan stoarn yn 1371