Springe nei ynhâld

Redens

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Reden)
Hoe't noaren makke wurde (1973)

De redens binne izers dy't ûnder de skuon bûn wurde of oan de skuon fêstmakke binne, sadat ien him dêrmei oer it iis bewege kin, en dat foarút bewegen op it iis wurdt reedriden neamd.

Ut archeologyske fynsten hat bliken dien dat der al yn de oertiid 'riden' waard. It wie doe noch benammen in kwestje fan gliidzjen. De alderearste redens wurde dêrom glissers neamd; glis, is in ribbe of in middenfoetsbonke fan in kobist, hynder of hart. De glissers krigen gatten en mei pezen of ielfellen oan de foet fêst makke. Om it ôfsetten op it iis makliker te meitsjen, waard faak brûk makke fan ien of twa stokken. Letter waarden ek prikstokken brûkt as helpmiddel foar it ôfsetten. Glissers of bonkeredens binne troch hiel Europa weromfûn. Yn Fryslân en Nederlân binne sy nei alle gedachten foar brûkt tusken 800 en 1200.

Yn de tiid waard de glisser stadichoan troch houten redens mei glydizer ferfongen. Mooglik hat dat glydizer om 1400 syn yntree dien. Op midsiuwske printen en skilderijen wurde sy faak werjûn, bygelyks op de houtgravure "De fal op it iis fan de hillige Lidwina fan Skiedam" fan Johannes Brugman út 1498. Dat keunstwurk jout in foarfal wer fan goed hûndert jier earder dêr't riders op te sjen binne mei glyd-izers ûnder.

Hollânske en Fryske redens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Houten redens sûnder skuon dy't ûnder de fuotten fêst bûn waarden

Yn de 19e iuw wiene der trije soarten fan redens te ûnderskieden: de Hollânske krolredens, de Súd-Hollânske baanredens en de Fryske trochrinners. De beide Hollânske redens waarden benammen brûkt om oer it iis hinne te swieren (it lettere keunstriden). Dy redens hienen fral in sierlike krol oan de foarkant. By de Fryske redens draaide it om faasje. De redens hiene in hege hals fan hout en de fuotsteapel (it part fan de redens dêr't de fuotsoal op rêst) wie by de Fryske redens rjocht fan foarm, wylst dy by de Hollânske redens de foarm fan in acht hie.

Fryske trochrinners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fryske trochrinners 'Fryslâns Rom' fan Ruiter

De Fryske reed út de 19e iuw wie net folslein sûnder gefaar. It hie in hege hege hals en in skerpe punt en wie dêrtroch op de Dútske iisbanen ferbean. Om dy reden waard de hals fan in sierlik en net gefaarlik ikeltsje foarsjoen. Nei dy oanpassing, soe de reed mei de tiid stadichoan langer wurde. Grutste ferbettering wie it langer meitsjen fan it izer fan de redens. Sa waard om 1875 de Fryske trochrinner berne, in reed mei gruttere stabiliteit as de eardere redens en dêr't men in langere slach mei meitsje koe. De redens stiene te boek as betrouber en fluch en wienen dêrom benammen by koarte-baanriders tige populêr. Yn fjirtiger jierren fan de tweintichste iuw wie de redens al fier bûten Fryslân trochkrongen.

Op 10 febrewaris 1954 fierde iisferieniging Thialf yn Hearrenfean har 75-jierrich jubileum. Dat waard fierd mei in reedriderswedstryd. De Nederlanner Gerard Maarse en de Noar Arne Johhansson riden dêrby foar it earst op stielen hege Noaren. Harren tsjinstanners op de modernste Fryske trochrinners koenen it twatal net byhâlde. De opkomst fan de stielen Noaren wie dêrmei in feit en de tiid fan de houten trochrinners wie dien. De Fryske reed krige in âlderwetsk oansjen en de ferkeap keldere dramatysk.

Rondredens
In hiel oar soart redens,
de tekenreed of afrondingsmal

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]