Springe nei ynhâld

Rasisme

Ut Wikipedy

Rasisme is de sammelnamme foar alle opfettings dy't oan it begryp 'ras' in trochslachjaande betsjutting takenne by it fêststellen of ûnderstellen fan karaktereigenskippen, fysike kapasiteiten en geastlike fermogens.

De term rasisme wurdt yn meardere betsjuttings brûkt. Yn de meast algemien sin betsjut rasisme dat leden fan in bepaald ras har ynherint superieur achtsje oan leden fan in oar ras. By debatten oer rasisme is lykwols faak sprake fan betizing oer de krekte betsjutting of ymplikaasje fan dizze term. In soad brûke it rasisme yn algemiene sin as oantsjutting fan ksenofoby (eangst foar frjemdlingen) of etnosintrisme. Oan de oare kant besykje wittenskippers lêstneamde begrippen krekt ôf te beakenjen fan rasisme as ideology of wittenskiplik rasisme.

Algemiene omskriuwings

Hoewol't de term rasisme meastal in negative lading hat en brûkt wurdt yn ferbân mei rasbûn foaroardiel, geweld, diskriminaasje of ûnderdrukking, binne der ek oare oskriuwings mooglik. Sa is neffens de Oxford English Dictionary rasisme basearre op de "miening of de ideology dat leden fan in ras bepaalde eigenskippen of kwaliteiten hawwe dy't spesifyk binne foar dat ras, yn it bysûnder om it as better of minder as in oar ras te ûnderskieden". De Merriam-Webster Dictionary omskriuwt rasisme as de "opfetting dat ras de wichtichste bepaler is fan minskilke eigenskippen of fermogens, en dat rasiale ferskillen de basis foarmje fan de ynherinte superioriteit of inferioriteit fan in bepaald ras boppe in oar ras". Ek wurdt neffens dit wurdboek de term rasisme brûkt yn de sin fan it foaroardiel dêr't soksoarte opfetting op basearre is.

Wetlike definysjes

Neffens de Konvinsjes fan de Feriene Naasjes betsjut rasiale diskriminaasje "elk ûnderskied, útsluting, beperking of foarkar basearre op ras, hûdskleur, ôfstamming, of nasjonale of etnyske oarsprong dy't it doel of effekt hat fan opheffing of oantaasting fan erkenning, genieting of útoefening, op basis fan lykweardigens, fan minskerjochten, en fûnemintele frijheden yn it politike, ekonomyske, soasjale, kulturele of in oar fjild fan it iepenbiere libben".[1]

De lêste definysje makket dus gjin ûnderskied tusken diskriminaasje op grûn fan ras of etnisiteit. It ûnderskied tusken beide begripen blykt ek foar antropologen in ûnderwerp fan debat. Ek de Britske wet ferstiet bygelyks ûnder rasiale groep "elke groep minsken definiearre op grûn fan ras, hûdskleur of nasjonaliteit (ynklusyf boargerskip), of etnyske of nasjonale ôfkomst".

Omkaft fan it muzykstik "All Coons Look Alike to Me", skreaun troch Ernest Hogan

Suver teoretysk rasisme jout gjin kwalitatyf weardeoardiel oer de ferskate minskerassen. It erkent heechút de ferskillen, sûnder dêr in weardeoardiel oer te jaan. Dochs hat rasisme yn it deitich taalgebrûk in negative betsjutting, omt it deitich taalgebrûk útgiet fan de oanwêzichheid fan in kwalitatyf weardeoardiel.

Keppeling fan rasisme oan objektive noarmen sa't dy fuortkomme út de evolúsjeteory of subjektive noarmen, lykas dy komme út de oerlevere kultueren, kin dêrom wol liede ta kwalitative weardeoardielen oer rasiale eigenskippen. Beneidrukt moat wurde dat Charles Darwin, de grûnlizzer fan de evolúsjeteory krekt útgie fan de fûnemintele biologyske gelykheid fan ferskate minskerassen of befolkingsgroepen.

Dizze "praktyske" rasistyske hâlding wurdt wolris tagelyk brûkt mei foaroardielen en ûnbegrip foar minsken fan in oar ras oer as dat fan dejinge dy't de rasistyske hâlding oannimt. Net selden beroppe rasisten har op in wittenskiplike ûnderbouwing fan harren tinkbylden. Oer de fraach oft der wittenskiplike ûnderbouwing foar rassenûnderskied mooglik is, besteane tige ferskillende opfettings.

Rasistysk gedrach en rasistysk tinken wure yn it bysûnder besjoen as in gefolch fan de maatskiplike ûntwikkeling rûn de multikulturele en multirasiale mienskip, wêryn de leden fan in (al as net dominante) rasiale groep har bedrige fiele yn harren bestean. Der hawwe lykwols ek altiten foarmen fan rasisme west sûnder dat der sprake wie fan soksoarte mienskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Text of the Convention, International Convention on the Elimination of All Forms of Racial Discrimination, 1966