Pynbank
Appearance
De pynbank wie in middel om in fertochte ta bekennen te twingen troch pinigjen. De pynbank wie der al foar de Romeinske tiid en de Midsiuwen. De fertochte waard op de pynbank fêstlein sadat de beulen en de ûnderfregers harren gong gean koenen.
Der waard tramtearre mei fjoer, giseling, tangen, of mei de wetterproef. De pynbank wie ek in soarte fan rekbank. De feroardielde of fertochte waard útrutsen mei keatlingen of touwen. Fan mids 18e iuw ôf waarden ditsoarte fan ûnderfregings net in protte mear tapast.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rack (torture) fan Wikimedia Commons. |